Federaasje keatsen yn Mantgum

Al sûnt jierren komt de federaasje keatsende jeugd yn Mantgum te keatsen Fan welp oant en mei jonges/famkes kinne keatse. Teminsten as der yn alle klassen genôch dielnimmers binne.

Dat wie net it gefal. Jonges en famkes keatsten yn alle klassen meiinoar. De skoaljeugd ûntbruts, dêr wiene te min. Hja dienen yn de âldere goep mei. Der wiene 41 bern yn 3 klassen. Der binne wolris mear as 100 west. Dit hat foar in part te meitsjen mei it goeie wurk fan de keatsskoallen, der binne in protte bern út dizze regio dy’t by de KNKB keatse Misskien wiene der ek noch minsken dy’t wisten wat foar min waar it ferline jier wie en bang wiene op herhelling hjirfan. Spitergenôch wie it wer striemin waar. Wy stiene der fersteld fan dat nettsjinsteande de rein en kjeld de bern entûsjast keatsten en der amper in wanklank wie. Alles oan besieljende lieding fan Durk Monsma en Jelle Anema mei help fan genôch karmasters. Allegeare leden fan K.F. Jacob Klaver, hulde oan dizze minsken. Dat jildt ek foar de fjildlizzers dy’t justerjûn 3 oeren dwaande west binne om it fjild út te lizzen Fan ’e middei moast alles der wer út en op ’e nij lein wurde, de wyn draait moarn en dan komme der 70 KNKB jonges keatsers De útslagen; Welpen, 7 partoeren 1e pr. Marten de Jong Mantgum en Anna Rob Winsum 2e pr. Gosse de Haan Winsum en Niels de Boer Spannum 1e pr. ferliezers Jente Schraa Wommels en Germ van der Heide Bears 2e pr. ferliezers Pyke Kramer Winsum en Jente Sjoerd Seffinga Mantgum Pupillen, 8 partoeren 1e pr. Wessel Schraa Wommels en Feikje van der Vegt Weidum 2e pr. Willem Koopmans Britswert en Sjaak Koning Winsum 1e pr. ferliezers Riemy Reitsma Easterwierrum en A. Haima Weidum 2e pr. ferliezers Peer de Bakker Weidum en Hesther de Boer Jellum Skoaljeugd/jonges/famkes, 6 partoeren Kompetysje, mei 2 Mantgumers yn de finale tsjin ilkoar, stân 5-5 en 6-6 1e pr. Jente Muller Mantgum en Marco Lobregt Wiuwert 2e pr. Douwe Kooistra Kubaard en Jurian Tolsma Mantgum

Geplaatst op 09 June 2012